Boskplaat diels ferbean terrein

18 jun 2004 - 00:00

Steatsboskbehear slút takom jier de helte fan De Boskplaat ôf. De lêste twa jier wie it uterste puntsje fan de Boskplaat al ferbean gebiet. It tal briedende fûgels is dêrtroch tanommen.

Steatsboskbehear wreidet no it gebiet út yn de rjochting fan Easterein. It stik it tichtst by it doarp der't dit jier de boskbrannen wiene, waard earder ek ôfsluten foar it publyk. Om't dêr de minder kwetsbere fûgelsoarten sitte, mei it publyk dêr no wol komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)