Utslach eineksamens bekend

18 jun 2004 - 00:00

Eineksamenkandidaten fan it middelber ûnderwiis sitte dizze wike yn spanning te wachtsjen op de útslach: slagge of net. Yn Fryslân helle dit jier 87 prosint fan alle kandidaten it eksamen. Earder lei dat tal leger.

Op it Dockinga Kolleezje yn Dokkum slagge 91 prosint fan de Havisten. Dat hegere sifer komt omdat de bern kar hawwe út mear eksamenfakken en dus earder in fak kieze dat harren leit, seit direkteur Timmermans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)