Bonifatiuskuier 2300 bern

© Omrop Fryslân
2300 bern út Noardeast-Fryslân diene tongersdei in 'pylgerkuier' yn it ramt fan it Bonifatius betinkingsjier. De kuier wie de ôfsluting fan in tal skiednislessen oer Bonifatius oan bern út groep 7 en 8. De bern leine de 2,5 kilometer ôf yn histoaryske klean.
By de Bonifatiuskapel yn Dokkum wie der oanslutend in midsieuske merk en in foarstelling dy't it libben útbylde fan 'e bisskop, dy't 1250 jier tebek by Dokkum fermoarde waard.