Gjin effekt ôfspraken oer geweld

© Omrop Fryslân
De konklúzje fan de Algemiene Rekken- keamer dat ôfspraken oer it bestriden fan geweld yn it útgeanslibben net soargje foar minder geweld, doocht net. Dat seit plysjewurdfierder Olijerhoek.
Ek Fryske gemeenten ha yn opdracht fan it ryk ôfspraken makke mei plysje en hoareka oer it werombringen fan útgeansgeweld. De taname komt neffens Olijerhoek om't sûnt dy tiid de geweldsgefallen better registrearre wurde fanwege mear plysjes op 'e dyk.