Wâldrock: 7.000 kaarten fuort

17 jun 2004 - 00:00

It Wâldrock-festival hat oant no 7.000 kaarten ferkocht. De organisaasje giet der fan út dat der op syn minst 8.000 minsken komme, oankommende sneon. Ferline jier wie Wâldrock útferkocht mei 12.000 besikers, mar dat kaam benammen troch de band Iron Maiden.

De opbou fan it festival-terrein leit ien dei foar op skema. Wâldrock wurket mei 400 frijwilligers. Tongersdei wiene der al fyftich oan de gong mei de tariedings en oanklaaiing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)