Nije kuorbalhal yn Drachten

17 jun 2004 - 00:00

Nei seis jier fan ûnderhanneljen kin de kuorbalferiening Drachten/Van der Wiel mei de gemeente in plan útwurkje om in eigen kuorbalhal te bouwen. De riedskommisje Romte joech dêr woansdei grien ljocht foar.

De bouplannen fan de kuorbalklup bestean út de bou fan in eigen sporthal, útwreiding fan de klaai- keamers en de ferbou fan de hjoeddeiske kantine. Nei alle gedachten wurdt nei de simmerfakânsje mei de bou begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)