Nij ûnderkommen Jouster jeugd

© Omrop Fryslân
De jeugd op 'e Jouwer krijt in ûnder- kommen yn it nije plan fan de Muzyk- fabryk. Dat is alteast it plan fan B&W Skarsterlân. De kommisje Mienskipssaken stimde woansdei yn mei it plan.
De Muzykfabryk is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei it ferhieren fan muzykromtes en ynstruminten. Boppedat is it in boekingsbedriuw foar artysten en bands. De Muzykfabryk siket in nij ûnderkommen foar de jeugd boppe de 16 jier yn kombinaasje mei it oare wurk.