Banen fuort by UTO

© Omrop Fryslân
By it memmebedriuw fan Sonnema Beerenburg, UTO, ferdwine ynkoarten in kwart fan de banen. 14 fan de 59 meiwurkers moatte derút. De fabrikant fan sterke drank hat in soad lêst fan de ferheging fan akzynzen mei 18 persint per 1 jannewaris 2003.
UTO hat festigingen yn Boalsert en Schiedam. Troch de ferheging fan de akzynsen is in flesse sterke drank 1 euro djoerder wurden. De ferkeap is mei in kwart ynsakke.