Oerol belangryk foar ekonomy

16 jun 2004 - 00:00

It Oerol festival is folle belangriker foar de pleatslike ekonomy as oant no ta tocht waard. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de provinsje. It kulturele festival smyt jierliks 220 banen op en 9 miljoen oan ynkomsten. En dat wylst it evenemint driget te ferdwinen troch jildkrapte.

Middenstân en hoareka profitearje fiks fan de 50.000 toeristen dy't it festival lûkt. It soe in grutte slach wêze as it festival ferdwynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)