Kampioenskip linedancing Dútslân

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Johan Kieftenburg hat in goede prestaasje levere op de iepen Dútske kampioenskippen linedancing. Hy wûn yn de klassen 'advanced classic' en 'showcase'. Mei syn partner Yvonne waard Kieftenburg ek noch kampioen yn de kategory 'couples'.
Earder dit jier pakte Kieftenburg ek al de wrâldtitel yn de Amerikaanske stêd Nashville en waard er Europeesk kampioen.