Twa Harley's stellen by ramkreak

16 jun 2004 - 00:00

By bedriuw Harley Heaven op De Gordyk hat tiisdeitejûn in ramkreak west. Ut it bedriuw waarden twa Harley Davidson-motors stellen. Ek binne der motorûnderdielen stellen. De dieders hiene de tagongsdoar derút riden. Dat barde wilens de fuotbalwedstriid Nederlân-Dútslân.

It is al de fjirde kear yn in pear jier tiid dat der in ramkreak by Harley Heaven dien is. De skea is no yn alle gefallen al mear as 50.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)