Wenhûs Hearrenfean ôfbaarnd

16 jun 2004 - 00:00

In wenhûs oan de Van Maasdijkstraat op It Hearrenfean is woansdeitemoarn folslein ôfbaarnd. De brânwacht krige flak foar njoggenen in melding.

Doe't de brânwacht oankaam, stie de bewenster neist it hûs. Sy hie problemen mei it sykheljen en is nei sikehûs De Tjongerskâns brocht. De brânwacht tinkt dat de brân yn de keuken ûntstien is, mar dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)