Oplossing foar konflikt filla

© Omrop Fryslân
Foar it jierrenlang slepende konflikt om de takomst fan de Halbertsma-filla yn Grou, is einling in oplossing fûn. De Grousters wolle dat it karakteristike gebou yn it sintrum fan it doarp bewarre bliuwt.
De eigner, wenningkorporaasje Woonwille, woe it gebou lykwols slope om der senioarewenten del te setten. Nei jierren fan gesteggel is der no ôfpraat dat de foargevel yntakt bliuwt en dat dêrefter de nije wenten komme.