Twongen ûntslaggen by Halbertsma

16 jun 2004 - 00:00

By Halbertsma Pallets yn Grou moatte der njoggentjin man út. It giet net goed mei it bedriuw want de grutte opdrachtjouwer Dow Chemical yn Pernis is fallyt gien. Halbertsma levere spesjale kisten oan it bedriuw.

By Halbertsma krije no tsien minsken twongen dien. De oare wurknimmers moatte fuort fia oare regelingen, lykas de pree-VUT. Oer fjirtjin dagen wurdt dúdlik wa't bliuwe meie en wa net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)