Provinsje mei grûn oankeapje

16 jun 2004 - 00:00

De provinsje kin fierder mei de grûnoankeapen foar noch rinnende lân- ynrjochtings. Minister Veerman fan Lânbou hat de provinsje Fryslân tastimming jûn om de 4,5 miljoen euro dy't dêrfoar nedich is, foar te sjitten. De Fryske Steaten hiene dêr al earder ta besletten.

It giet ûnder mear om lânynrjochtings yn Wymbritseradiel en Achtkarspelen dy't oars noch twa jier wachtsje moasten op Ryksjild foar grûnoankeapen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)