Programma Dokk'em Open Air rûn

© Omrop Fryslân
It programma fan metalfestival Dokk'em Open Air is klear. De Amerikaanske trash metalband Hirax is de headliner op it festival, dat op 14 augustus hâlden wurdt yn Raard by Dokkum. It festival wurdt iepene troch de Fryske bands Enraged en Chain.
Dokk'em Open Air is grutsk op it fêstlizzen fan Hirax, de band mei sjonger Katon de Pena, de iennichste swarte sjonger yn 'e trash scene. Fierder komt ek gothic band Nemesea.