Sândrompel fargeul Skier fuort

© Omrop Fryslân
De problemen mei de fargeul nei Skier- mûntseach binne ynkoarten wer foarby. Rykswettersteat baggeret de fargeul Glinder op it stuit út. Ferline wike kaam de fearboat fan en nei it eilân in pear kear fêst te sitten om't him in sândrompel foarme hat yn de geul.
Der is wol in twadde fargeul dêr't it fear del kin as it moat, mar rederij Wagenborgen brûkt leaver de Glinder, omdat dy koarter is en dus minder reistiid kostet.