FK Jeu de Pelote útein set

© Omrop Fryslân
Yn Easterlittens en Frjentsjer is moandei it sechde Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote (Belgysk keatsen) útein set. Der waarden yn Easterlittens trije wedstriden ôfwurkje en yn Frjentsjer twa. De útslaggen binne: Goaiingea - Frjentsjer 6-8, Arum - Raerd 8-0, Wjelsryp - Ysbrechtum 3-8, Makkum - Reahûs 4-8 en Winsum - Mantgum 8-2.
Tiisdeitejûn wurde op it plein fan Easterlittens Ljouwert - Weidum en Wytgaard - Berltsum ferkeatst.