Haadtrainers Orca kinne bliuwe

15 jun 2004 - 00:00

De haadtrainers fan swimferiening Orca yn Ljouwert bliuwe foarearst oan. De swimklup sit finansjeel yn swierwaar. Dêrom hie it bestjoer foarsteld om de haadtrainers gjin ûnkostefergoeding mear te jaan en se dus eins dien te jaan.

Moandei is lykwols op de algemiene ledegearkomste oars besletten. Neffens foarsitter Peter Zomerdijk hat Orca oare manieren fûn om oan jild te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)