Kampanje foar feilich sliepe

© Omrop Fryslân
Ut in ûndersyk fan 'e thússoarch docht bliken dat in kwart fan 'e Fryske bern tusken in heal en oardel jier nachts fêstlein wurdt mei riemen. Alden dogge dat om foar te kommen dat de bern op 'e búk draaie en smoare. De thússoarch riedt soks ôf, want de poppe kin ek fêstreitsje.
Omdat yn Nederlân alle jierren 25 berntsjes stjerre oan 'widzedea' komt der in kampanje oer hoe't je poppen feilich sliepe litte kinne.