Mobilere GGD wol kantoaren slute

© Omrop Fryslân
De GGD Fryslân wol de kantoaren yn Snits en Drachten slute. De twa fêste kantoaren moatte plak meitsje foar 'mobile stipepunten' op mear plakken. Under de tweintich meiwurkers falle gjin ûntslaggen.
Op de twa fêste kantoaren sit no noch de skoaldokter en wurde faksinaasjes oan reizgers en sosjaal medyske advizen jûn. It algemien bestjoer fan 'e GGD moat de maatregel noch goedkarre. Dat binne de 31 Fryske gemeenten.