Twa deaden by ûngelok Ternaard

© Omrop Fryslân
Twa ynwenners fan Wierum binne dit wykein om it libben kommen by in auto-ûngelok. Harren auto botste sneontenacht by Ternaard tsjin in beam en kaam dêrnei yn in sleat telâne. De beam knapte ôf en foel oer de auto hinne.
De 19-jierrige ynsittende ferstoar op it plak fan it ûngelok. De 21-jierrige bestjoerder is swierferwûne nei it AZG yn Grins oerbrocht dêr't er snein weirekke.