Drok wykein foar de plysje

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein op ferskate plakken yn Fryslân minsken oanhâlden fanwege fernieling, geweldpleging en mislediging. Yn Noardburgum hâldde de plysje fiif manlju oan, dy't belutsen wiene by in fjochtpartij yn in hoarekasaak.
Yn Drachten en It Hearrenfean moast de plysje yngripe by fjochtpartijen tusken groepen jongeren. Yn Aldtsjerk waard in man (21) oanhâlden, omdat hy in plysje bedrige hie.