Mariska Kramer 1ste yn Nijeveen

13 jun 2004 - 00:00

Mariska Kramer fan Drachten wûn sneon de triatlon fan Nijeveen. Foar Kramer wie dizze triatlon de tige slagge lêste test foar it NK lange ôfstân, dat nije wike plakfynt yn it Limburchske Stein. Marije Siemensma fan Wikel waard fjirde by de froulju.

By de manljui wie der in twadde plak foar Tiedo Tinga. Tinga moast by it draven Bert Flier fan Barendrecht gean litte. Flier wûn dus. Sjaco Kramer fan Drachten waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)