Lêste tsjinst Johannes de Doper

13 jun 2004 - 00:00

Yn 'e Roomske Johannes de Doper-tsjerke yn Ljouwert is sneintemoarn foar it lêst in eucharistyfiering hâlden. De tsjerke út 1934 is ûnderdiel fan 'e Titus Brandsma Parochy. De tsjerke wurdt sletten omdat der hieltiten minder leden komme. It tsjerkegebou sil no ferkocht wurde.

De Titus Brandsma Parochy hat noch twa tsjerken yn Ljouwert: de Bonifatiustsjerke en de Dominicustsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)