Jonges Tsjommearum kampioen

© Omrop Fryslân
It Nederlânsk Kampioenskip keatsen foar skoaljonges waard sneon wûn troch it partoer fan Tsjommearum. Yn 'e finale wûn Tsjommearum mei 5-5 en 6-0 fan Goaiingea.
Der diene 46 partoeren mei oan it NK foar jonges. Yn Sint Jabik wie it NK foar skoalfamkes. Dêr wûn Mantgum. Sy wûnen yn 'e finale fan Boalsert. It frije formaasje keatsen foar froulju yn Dokkum waard wûn troch it partoer fan Géjanna Buma.