Kuierder fan start as hurddraver

© Omrop Fryslân
Kommissaris Ed Nijpels hat sneontemoarn yn Raerd om 06.45 oere it startskot jûn foar de Twadde Slachtemaraton. Oan de tocht dogge 1100 maratonrinners en 13.000 kuierders mei.
Kuierder Hans van Es út Harns is - sûnder training - fan start gien by de maraton foar hurddravers. Van Es hie him op 'e tiid opjûn foar wat hy tocht dat de kuiermaraton wie. Mar sûnder dat er it yn 'e gaten hie joech er him op foar de maraton foar hurddravers.