Van der Laan iepenet Oerol

12 jun 2004 - 00:00

Steatssiktaris Medy van der Laan fan Kultuer hat sneontejûn de 23ste edysje fan it Oerol-festival op Skylge iepene. Oerol hope op in tasizzing fan Van der Laan foar mear subsydzje, mar dêr koe se noch neat oer sizze. Wol hie se loovjende wurden foar Oerol, omdat it 'in briedplak foar talint' is.

Oerol iepene mei it muzykspektakel fan 'e Frânske teatermakkers Décor Sonore. Sy bouden in sleepboat om ta in grut driuwend muzykynstrumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)