Oanhâldings foar mishanneling

11 jun 2004 - 00:00

De plysje hat twa Ljouwerters fan 16 en 18 jier oanhâlden foar mishanneling. Se soene op de merke yn Ljouwert twa manlju fan it Hearrenfean mishannele hawwe. Der wie spul ûntsien tusken de manlju. Doe't de Feansters der net op yngiene, treaunen de Ljouwerters harren op de grûn.

Ek soene de jonges in famke fan 18 fan in merke-attraksje ôftreaun hawwe. It famke, dat besocht om de rúzje del te bêdzjen, rekke ferwûne oan har earm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)