13.000 programmaboekjes yn Raard

© Omrop Fryslân
De printer hat de 13.000 boekjes mei it programma foar de Slachtemarathon by fersin nei Raard by Dokkum stjoerd en net nei it goeie Raerd. Sa'n 13.000 boekjes mei dêryn de ynformaasje oer de aktiviteiten ûnderweis moatte dêrom freedtejûn noch yn plastic pûdsjes dien wurde.
De frijwilligers fan it Slachtekomitee fan Raard by Dokkum sille der wol mei rêde, sa seit Wiebe Stelwagen fan dat komitee.