Nij skip foar kriminele jonges

© Omrop Fryslân
In nij opliedingsskip fan Ryksjeugdynrjochting Van den Engh út Den Dolder is freed yn Harns yn gebrûk nommen. Op it skip wurde swakbejeftige kriminele jonges mei in strak programma taret op in weromkear yn de maatskippij.
It is de bedoeling dat se letter net wer yn de problemen komme. Op it skip hâlde se har dwaande mei seefiskjen en dekskrobjen. Se ha gjin tiid om om te hingjen of televyzje te sjen.