Learbanen foar 2000 jongeren

11 jun 2004 - 00:00

MKB-noard wol de kommende jierren 2000 jongeren út de noarlike provinsjes oan in saneamde learbaan helpe. Neffens it MKB giet it om tûzenen jongeren dy't bûten de boat drige te fallen, lykas skoalferlitters sûnder diploma en wurkleazen.

De ûndernimmers moatte oertsjûge wurde fan it feit dat se ynvestearje moatte yn de jongeren. It CWI en de skoallen dogge ek mei oan it projekt. De jongeren krije it minimumlean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)