Rêdingsboat ynset by oanfarring

11 jun 2004 - 00:00

De rêdingsboat fan Skiermûntseach is yn de nacht nei freed ynset by in oanfarring tusken twa fiskersboaten. In Nederlânske fiskersboat botste mei in Dútske garnelekotter. Dat barde goed trije kilometer westlik fan it Dútske eilân Borkum.

De Dútske kotter is by de botsing omslein. Rêdingsboaten ha yntusken twa opfarrenden oppikt. In tredde wurdt noch fermist. De Nederlânske boat is de Grietje Bos UK-337 út Urk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)