Opkomst ferkiezings 'koe minder'

10 jun 2004 - 00:00

Yn de measte Fryske gemeenten siet de opkomst by de Europeeske ferkiezings om de fjirtich persint hinne en dat is dúdlik heger as yn 1999. Yn Menameradiel wie de opkomst sels 48,6% en yn Nijefurd 45,8%.

Yn de grutte gemeenten wie de opkomst justjes leger. Yn Hearrenfean wie de opkomst 40,6% en yn Smellingerlân 43,9%. Yn Ljouwert wie de opkomst mei 38,8% ek dúdlik heger as by de foarige Europeeske ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)