'Sweeftrein miljard djoerder'

10 jun 2004 - 00:00

Op 'e nij in flinke ôffaller foar de magneetsweeftrein. Minister Peijs skriuwt oan de Twadde Keamer dat it projekt in miljard euro djoerder wurdt. De supersnelle treinferbining fan Grins nei de rânestêd sil yn stee fan seis sân miljard euro kostje. It tekoart rint dêrmei op oant 2,1 miljard euro.

Om dit gat te tichtsjen soe it bedriuwslibben mear bijdrage moatte. De Twadde Keamer en Peijs prate oer twa wike oer de magneetsweeftrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)