Krityk doarpshuzen smookbelied

10 jun 2004 - 00:00

Oan de ûngelikense behanneling fan doarpshuzen moat gau in ein komme as it giet om it smookbelied fan de oerheid. Dat skriuwt it gearwurkingsferbân fan alle doarpshuzen yn Fryslân oan minister Hoogervorst fan folkssûnens.

It skriuwen is ek ûndertekene troch twa organisaasjes yn Grinslân en Drinte. Sûnt 1 jannewaris is it ferbean om te smoken yn doarpshuzen. Kafees en restaurants hawwe frijstelling krigen fan dy regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)