Wurkstraf foar deadlik ûngemak

© Omrop Fryslân
De offisier fan justysje hat tongersdei 120 oeren wurkstraf easke tsjin in ynwenner fan Hurdegaryp. Ek soe er syn rydbewiis in jier lang kwyt moatte.
De 20-jierrige jonge fleach septimber ferline jier by Suwâld mei syn auto út in bocht en bedarre yn in sleat. In famke fan 17 út Feanwâlden dat by him yn de auto siet, kaam dêrby om it libben. Neffens de offisier fan justysje ried de jonge te hurd. De útspraak is oer fjirtjin dagen.