Fytse oer âlde spoarlinen

© Omrop Fryslân
Advysburo Grontmij yn Drachten wol it mooglik meitsje om te fytsen en te skeelerjen oer âlde tram- en trein- trajekten yn Fryslân. It plan soe in soad toeristen nei Fryslân lûke kinne.
Op dit stuit wurdt ûndersocht oft it plan helber is. It giet om likernôch 100 km fyts- en skeelerpaden dy't op de âlde spoarlinen oanlein wurde. De wichtichste spoarlinen rinne tusken Harns en Dokkum en tusken Snits en De Lemmer.