Fryslân stimt foar Europa

10 jun 2004 - 00:00

Tongersdei wiene de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. De opkomst lei yn Fryslân heger as yn de rest fan it lân. Lanlik hie om 11.00 oere hinne 9% fan de minsken stimd, twa prosint mear as de foarige kear. Yn Fryslân lei it om dy tiid tusken de 11 en 12 prosint.

De stimburo's wiene iepen fan healwei achten moarns oant njoggen oere jûns. De ferwachting wie dat it in nek-oan- nekrace wurde soe yn Nederlân tusken CDA en PvdA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)