Sportklubs: 'it koe minder'

09 jun 2004 - 00:00

Fryske sportferienings binne oer it generaal posityf oer de takomst. Guon ha wol wat jildpine, mar net sa slim as lanlik it gefal is. Grutte problemen spylje der net. Dat docht bliken út in enkête fan Sport Fryslân ûnder goed 130 sportklubs.

Yn ferliking mei lanlike klubs binne Fryske ferienings in stik lytser. De problemen binne wol itselde. Dat binne te min frijwilligers, te min jild en te min romte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)