Beurzen Súdlaren mooglik nei FEC

© Omrop Fryslân
De grutte beurzen fan de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren (Drinte) wurde mooglik ferpleatst nei it FEC yn Ljouwert. Neffens direkteur Andries de Jong fan sawol it FEC as de Prins Bernhardhoeve moat der foar miljoenen yn it beurskompleks yn Súdlaren ynvestearre wurde.
It is mar de fraach oft dat noch wol útkin. Boppedat hat hat beurskompleks yn Súdlaren flinke konkurrinsje fan it Martiniplaza yn Grins.