GrienLinks tsjin tabaksreklame

© Omrop Fryslân
GrienLinks yn de gemeente Smellingerlân wol dat de sigarettereklame op twa billboards yn Drachten fuorthelle wurdt. Neffens riedslid Wietse Lap is der sa'n acht jier lyn ôfpraat dat yn de gemeente nergens reklame makke wurde mei foar smoken.
Dat bart no al, mient er, ek al wurdt der op de posters oan de Noarderhegewei ek reklame makke foar de TT-motorraces yn Assen. De Frânske sigarettefabrikant is sponsor fan de TT.