Jild foar projekten op plattelân

09 jun 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân jout dit jier 50.000 euro oan lytsskalige projekten dy't de leefberens op it plattelân yn Midden-Fryslân fersterkje. Yn Tersoal wurdt in wiet boartersfjild droechlein.

Ek komt der in basketbalfjild en in jeu-de-boules-baan. By de feart dêr njonken komt in oanlissteiger. Fierder krijt de jeugd yn Wergea jild foar in skatebaan. Toanielferiening Nij Libben yn Jellum/Bears krijt ek jild. Yn Alde Leie komme nije boarterstastellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)