Yndustry Lemmer ferpleatse

© Omrop Fryslân
De yndustryterreinen op De Lemmer moatte ferpleatst wurde. Dat ha de ynwenners tiisdei oanjûn by in debat oer de takomst fan it doarp. De terreinen sitte no oan it wetter. Dat plak kin better brûkt wurde foar toerisme. De yndustry kin nei in nij oan te lizzen terrein oan de A6 yn de polder by Emmeloord.
De Lemsters wolle ek dat behâldend en kontrolearre útwreide wurdt as it giet oer wenjen, bedriuwen en toerisme.