File op Wâldwei troch ûngelokken

09 jun 2004 - 00:00

It ferkear op de Wâldwei hat woansdei lêst han fan twa auto-ûngelokken. Earst ûntstie by de Fonejachtbrêge in lange file troch in oanriding werby't in frou mei har auto op de kop yn de sleat telâne kaam. De frou koe sels út it wrak klimme en is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Op deselde dyk wie letter wer in botsing. Dêr wienen trije auto's by belutsen. Twa minsken rekken ferwûne. Op 'e nij ûntstie der in file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)