Aksje foar mear jild foar Orca

09 jun 2004 - 00:00

Swimklub Orca yn Ljouwert sit finansjeel yn swier waar. De klub hâlde tiisdei in aksjegearkomste om derút te kommen. Orca rekke in soad leden kwyt doe't swimbad It Kealledykje yn Ljouwert tichtgie. Goed hûndert leden fan de fiifhûndert waarden lid ôf.

Ideeën om mear jild te krijen, binne ferkeapaksjes oan 'e doar en in liening foar tweintich jier. Orca ferwachtet yn 2007 wer mear leden te hawwen, as Ljouwert in nij swimbad krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)