Sykaksje nei fermist jonkje

© Omrop Fryslân
In jonkje (10) út Holwert dat tiisdei oerenlang fermist wie, is jûns weromfûn yn Dokkum. Hy waard sûnt middeis healwei fjouweren fermist. Hy wie fuortset op 'e fyts, mar kaam net thús. Hy wie it paad bjuster rekke en yn Dokkum útkommen.
De plysje hat mei in tal teams en in helikopter Holwert en omjouwing ôfsocht. Ynwenners fan Holwert hawwe dêrby holpen. Der is socht yn it doarp en de omjouwing fan de pier.