Van Solkema nei VC Omniworld

08 jun 2004 - 00:00

Ald-Snitser Arno van Solkema wurdt de nije trener/coach fan VC Omniworld. Van Solkema wie de lêste jierren aktyf as spiler by Nesselande, dat dit jier kampioen waard. Syn kontrakt waard lykwols net ferlingd. Van Solkema hie al oanjûn dat er wol as trener oan de slach wol; hy hat de papieren om op it heechste nivo trening te jaan.

By Omniworld spilet ek âld-Ljouwerter Erik Schuil, dy't noch yn 'e race is foar in plak yn 'e Olympyske ploech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)