Undersyk nei lêzen op VMBO

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy set ynkoarten út ein mei in ûndersyk nei it lêsgedrach fan learlingen yn it VMBO-ûnderwiis. It giet om bern yn de twadde klasse. It projekt makket diel út fan in lanlik ûndersyk fan de 'Stichting Lezen' nei it lêzen op it VMBO. Dy stichting set him yn foar it lêzen yn Nederlân.
Doel fan it ûndersyk is om in byld fan it lêsgedrach fan de bern te krijen en op basis dêrfan in oanpak te betinken om it lêzen te stimulearjen.