Mear Frysk yn iepenbiere romte

© Omrop Fryslân
It Berie foar it Frysk wol dat der mear Fryske teksten te sjen binne yn de iepenbiere romte. De provinsje soe eins jild beskikber stelle moatte oan bedriuwen en organisaasjes om it gebrûk fan Frysk yn de iepenbiere romte fuort te sterkjen.
It berie wol ek ûndersykje hoe't it der foar stiet mei de sichtberens fan it Frysk op strjitte. Fierder advisearret it Berie taalstipers oan te stellen foar doarpshuzen en doarpskrantsjes.